Willem en Máxima nei De Klinze

23 aug 2001 - 00:00

De Klinze yn Aldtsjerk kin him opmeitsje foar de besite fan Willem Alexander en Máxima. It pear komt op 10 oktober nei Fryslân om yn de kunde te kommen mei de provinsje. Neffens de eigner sille se in pear oeren tahâlde op De Klinze.

It gerucht dat Máxima oare wike nei Dokkum komt is net wier. Dêr soe dan in alternative fiering fan Keninginnedei wêze om't it feest op 30 april net troch gie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)