Maatregels rotondes Makkum

23 aug 2001 - 00:00

De gemeente Wûnseradiel nimt maatregels om skansearring fan de rotondes by Makkum foar te kommen. Op fjouwer rotondes by Makkum binne koepels oanlein, dy't beplakt binne mei tegels fan Makkumer ierdewurk.

Al in pear kear binne auto's of brommers lykwols oer de tegels hinne riden. Guon fan de djoere tablo's binne dêrtroch skansearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)