Buma en dy winne frouljus PC

22 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De finale fan de 25e frouljus PC yn Weidum is wûn troch Gejanna Buma, Wiesje van der Berg en Afke Hylkema. Mei 5-3, 6-0 wûnen se fan Marie Heida en dy.

De finale brocht in striid tusken twa partoeren dy't favoryt wiene en inoar goed partij joegen. Yn it begjin waarden alle earsten beslist op 6-6. Buma kaam mei 3-0 foar, mar it waard wer 3-3. Doe rûnen de winners dochs gau nei de winst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)