Gryks talint nei Heerenveen

22 aug 2001 - 00:00

Heerenveen hat in jonge talintfolle Gryk kontraktearre. It giet om de 16-jierrige Georgios Samaras. Hy hat in kontrakt tekene foar twa jier, mei in opsje foar noch trije.

De jonge oanfaller is no al 1 meter 93. Syn heit is trener by it Grykse OFI Kreta. Ferline wike lei Heerenveen ek al de 17-jierrige Finske jeugdinternational Juska Savolainen fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)