Reduzum tsjin tankstasjon

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Reduzum fiele neat foar de komst fan in tankstasjon oan de rykswei nei Snits. Se binne bang foar ferkearsoerlêst troch de pomp, dy't tsjinoer De Blauwe Tent komme moat.
Ek de gemeenterie fan Boarnsterhim liket net foar te wêzen. De pomp soe oerstallich wêze en net yn it lânskip passe. It kolleezje fan B en W wol de komst lykwols trochsette.