Provinsje siket net foar Rendac

© Omrop Fryslân
De provinsje wol net ferantwurdlik wêze foar it sykjen fan romte foar Rendac foar it opslaan fan bonkemoal. Dat mei net mear ferwurke wurde yn feefoer en moat yn 'e takomst ferbaarnd wurde.
Hoewol't it ryk en Rendac graach wolle dat de provinsjes om opslachromte sykje, seit Fryslân dus nee. Wol moat de provinsje fergunnings ferliene. Yn dat ramt is de opslach yn Dokkum ôfkard.