Goudmijn no 2 wedstriden skorst

© Omrop Fryslân
De skorsing fan Cambuurspiler Kenneth Goudmijn is werombrocht nei twa wedstriden. Tiisdei waard Goudmijn foar 4 wedstriden skorst wêrfan 1 op betingst.
Cambuur die woansdei in tsjinfoarstel by de KNVB fan twa wedstriden skorsing plus twa op betingst. De oanklager gie dêr akkoart mei. De skorsing giet direkt yn. Goudmijn mist de wedstriden tsjin Appingedam (beker) en Helmond Sport.