Brêge Tsjerkwert wer makke

22 aug 2001 - 00:00

De brêge Eemswoude by Tsjerkwert oer de Warkumertrekfeart is wer makke. Tiisdei rekke de brêge bûten wurking troch in stikkene silinder. Hy koe doe net mear omheech, sadat de skippen der net troch koene.

Monteurs hawwe de hiele nacht trochwurke om de brêge wer klear te krijen. De Warkumertrekfeart tusken Boalsert en Warkum is in drokbefearne rûte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)