Gjin Kokedei dit jier

22 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De ferneamde Warkumer Kokedei giet dit jier net troch. De organisaasje seit dat it needsaaklik is om Kokedei ôf te sizzen, om't der noch hieltyd gjin dúdlikheid is fan it ministearje fan Lânbou oer it organisearjen fan fokfeekeurings en -shows.

Foarich jier fierde Kokedei it 100jierrich jubileum. It strjitkonkoers foar hynders giet de middeis wol troch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)