Bysûndere fynst yn Suderbuorren

© Omrop Fryslân
By bouwurksumheden yn Suderbuorren, de nije wenwyk ûnder Ljouwert, binne tiisdei bysûndere archeologyske fynsten dien. By de sloop fan in âlde pleats waarden û.o. ierdewurk, fjoerstiennen en houtskoal fûn. It guod komt út ferskate tiden, lyk as de IIstiid en de Midsieuwen.
De gemeente Ljouwert tinkt sels al in museumke te bouwen foar de fynsten.