Uteinrock: De Kast yn it Frysk

21 aug 2001 - 00:00

De Kast sil dit neijier yn Frjentsjer in folslein Frysktalich optreden jaan. Spesjaal foar it Uteinrockfestival op 20 oktober sil de groep ferskate nûmers yn it Frysk oersette en mooglik ek in pear nije nûmers hearre litte.

Uteinrock wurdt organisearre troch jongereinorganisaasje FYK yn it ramt fan it Europeesk Jier fan 'e Talen. Njonken De Kast is der op Uteinrock ek in optreden fan de Bretonske band EV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)