Om 'e Noard earet Millecam

© Omrop Fryslân
De Fryske muzykgroep Om 'e Noard hat in in memoriam-ynternetside foar Sylvia Millecam makke. De groep naam okkerjiers de single 'Onmooglike leafde' op, dêr't frontman Wim Beckers syn gefoelens foar de aktrise/komediante yn útspruts. Millecam spile ek mei yn 'e fideoklip.
De 45-jierrige Millecam ferstoar snein oan kanker. Se wurdt sneontemiddei yn Amsterdam te hôf brocht.