Iepenstelling Woudagemaal súkses

© Omrop Fryslân
De iepenstelling fan it Woudagemaal op 'e Lemmer is in grut súkses. Sûnt de iepenstelling op 6 july hawwe der al sa'n 3000 besikers west út alle hoeken fan 'e wrâld. Dat is opfallend, want der is noch hielendal net advertearre.
Foar takom jier wurde sa'n 40.000 minsken ferwachte. Der moat noch in ûntfangstsintrum komme dêr't ek in wetterskipsmuseum yn komt.