Winners Jopie Huisman-webside
Klaas-Jan Samplonius en Johan Bouwhuis fan Warkum hawwe de ûntwerpwedstriid foar in ynternetside foar it Jopie Huisman-museum wûn. It ûntwerp fan it duo waard sneon troch it publyk keazen út trije nominaasjes. Dy trije wiene troch in sjury selektearre út de 40 ynstjoerings dy't it museum krige.
De winnende webside sil oer in pear wike te sjen wêze.