Fryske literêre dei yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
It Nederlânsk Literêr Produksje- en Fertalingefûns organisearret op snein 18 novimber in Dei fan 'e Fryske literatuer yn Amsterdam. Oan dizze dei wurdt meiwurke troch skriuwers as Josse de Haan, Trinus Riemersma en Albertina Soepboer.
It doel fan 'e dei is om de Fryske literatuer by in breder publyk bekend te meitsjen. Der is ek muzyk fan ûnder oaren Meindert Talma en Piter Wilkens.