Rolsma wint Lauswolt-toernoai
Arnold Rolsma hat snein yn Beetstersweach it Lauswolt tennistoernoai foar B1-spilers wûn. De tennisser út Drachten wie yn de finale te sterk foar Alwin Huizinga út Ljouwert. De setstannen wiene: 6-3 en 7-6.
By de hearen B2 wûn Rutger Balk út Ljouwert yn de finale fan René-Jan Bloem út Drachten. De setstannen by dizze wedstriid wiene: 6-1 en 6-4.