Hannel skiep en geiten mei wer

17 aug 2001 - 00:00

Skiep en geiten dy't bestimd binne foar de slacht meie fan snein ôf wer op de feemerk ferhannele wurde. Dat hat minister Brinkhorst fan Lânbou freed bekend makke. Oant no ta mochten geiten en skiep alinnich by mekoar komme yn erkende slachthûzen.

Weidskiep meie, fanwege in mooglike tongblierbesmetting, noch net op ien plak by mekoar komme.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)