Tongblierkrisis goed foar Denen

© Omrop Fryslân
De tongblierkrisis hat geunstich útpakt foar Deenske feehâlders. De eksport fan Deensk fleis nei Nederlân is it ôfrûne healjier mei 11 persint tanommen. Krêkt as Nederlân hat Denemarken in sterke produksje fan bargefleis.
De Deenske eksport nei Grut-Brittanje is sels mei 50 persint omheech gien. Denemarken is ien fan dy pear Europeeske lannen dy't gjin tongblier hân hat.