Gearwurking tafeltennisklubs

17 aug 2001 - 00:00

De earste manlju's teams fan de tafeltennisferienings Delta Impuls fan it Hearrenfean en Bijlsma fan Frjentsjer sille it kommende seizoen mei inoar spylje. Beide teams komme út yn de lanlike tredde divyzje.

Troch by inoar te gean hoopje de klubs op termyn in heger nivo te berikken. It giet allinnich om de earste teams, de oare teams falle bûten de gearwurking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)