Leechstân yn Seeheldebuert
De Seeheldebuert hat in negatyf imago krigen no't der in grutte sedesaak oan it ljocht kommen is. De wykbewenners meitsje harren soargen. Se wolle graach ynspraak ha yn de kar foar de nije bewenners.
Wenningbouferiening Nieuw Wonen Friesland mei lykwols net in seleksje tapasse. Der steane no trije wenten leech yn de wyk.