Himpkwekerijen oprôle
De plysje hat tongersdei yn Ljouwert twa himpkwekerijen oprôle. Yn in wente oan de Victoriestrjitte waard yn in sliepkeamer mear as 100 himpplanten fûn.
De oare kwekerij yn de Hazelaarstrjitte waard ûntdekt nei't de wenningbouferiening in melding krige fan wetteroerlêst. Alle himpplanten en apparatuer binne yn yn beslach nommen.