Utslaande brân yn Harns

17 aug 2001 - 00:00

In grutte útslaande brân hat tongersdei foar miljoenen skea feroarsake by túnsintrum Siersema yn Harns. It nije gedielte fan it bedriuw is folslein ferlern gien. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. De kninen, hamsters en fisken ha de brân net oerlibbe.

Omstanders hawwe holpen om spullen út it bedriuw te rêden. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)