Amer mei âlde munten fûn

16 aug 2001 - 00:00

Direkteur Kooistra fan Streekmuseum Opsterlân hat woansdei 1327 munten yn in amer ûnder de grûn opspoard. De measte binne fan sulver, in pear fan goud.

Kooistra wie oan it speuren foar in famylje dy't wegens neilittenskip rjocht hie op de munten. It wie lykwols net bekend wêr't de eardere eigner de amer litten hie. De munten binne yn de jierren santich begroeven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)