Fertochten sedesaak langer fêst
Twa fertochten yn de Ljouwerter sedesaak bliuwe noch seker tritich dagen yn foararrest. It giet om de 52-jierrige haadfertochte en syn frou fan 43.
De twa wurde der fan fertocht yn de Ljouwerter Seeheldebuert tsien bern seksueel misbrûkt te hawwen. Takom wike wurdt besjoen oft it foararrest fan de oare twa fertochten ek ferlingd wurdt.