Bonken nei forinsysk lab

15 aug 2001 - 00:00

Patologen fan it forinsysk ynstitút yn Rijswijk sille de bonkerakken fan Flylân ûndersykje. Sy sille fêststelle hoe âld de bonken binne.

Tiisdei waarden by Stortemelk resten fan 14 lichems fûn. It is noch altiten in riedsel wêr't dy weikomme. Faaks giet it om minsken mei in besmetlike sykte dy't eartiids op it eilân ôfset binne. Der wurdt net mear socht nei mear bonken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)