Jonge springt fan fearboat

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige ferstanlik handikapte jonge út Brummen is moandei fan de boat nei Skylge sprongen. De jonge rekke yn panyk en sprong fan it heechste dek sa'n tsien meter nei ûnderen. De boat wie krekt seis kilometer út de kust.
In echtpear út Putten seach wat fallen en gie der hinne mei de boat. Binnen sân minuten wie de drinkeling oan board. De jonge is net ferwûne rekke.