Noch mear skeletten op Flylân

© Omrop Fryslân
It mystearje fan de bonkerakken op Flylân liket hieltyd grutter te wurden. By camping Stortemelk binne no al tolve skeletten oantroffen. Se wiene bedobbe yn in dún by de kantine. Tiisdetemoarn stie de teller noch op sân.
Neffens de eilanner húsarts giet it om tige âlde minskebonken. It sykjen giet ûnderwilens noch troch. De technyske resjerzje is derby belutsen.