Rel om Miss Bretanje

13 aug 2001 - 00:00

Miss Bretanje moat har titel ynleverje om't se meirûn hat yn in demonstraasje. It giet om in manifestaasje foar de heroansluting fan it departemint Loire Atlantique by Bretanje. De miss spruts ek it publyk ta.

De haadstêd Nantes is de âlde sit fan 'e hartoggen fan Bretanje. Frankryk hat it yn 1972 ôfskiede litten. In miss mei net iepenlik polityk aktyf wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)