Fries ûntfierd by hoer yn Grins
In ynwenner fan Ljouwert (23) is sneintenacht ûntfierd yn Grins. Hy wie tegearre mei in freon (26) by in hoer, doe't twa manlju deryn kamen en de twa Friezen mishannelen.
De freon koe fuortkomme en de plysje warskôgje. Weromkommen wiene de 23jierrige en de oerfallers fuort. De ûntfierde Fries kaam wer boppe wetter yn in wenwyk fan Grins.