Mear fûgels op 'e eilannen

13 aug 2001 - 00:00

De Waadeilannen lûke hieltyd mear fûgels oan. Neffens de Nederlânske Fûgelorganisaasje Sovon komt dit om't der op de eilannen gjin foksen omrinne.

Foaral de kobben sykje massaal it Waadgebiet op. Allinne al op It Amelân binne sa'n 10.000 kobben teld. Ek foar it earst hawwe reiddompen op 'e eilannen bret en is de lytse wite reager dêr sjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)