Unrêst oer kontener mei stront

13 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ie is ûnrêst ûntstien oer in kontener mei stront dy't dêr al sûnt it begjin fan de tongblierkrisis stiet. De gemeente Dongeradiel hat it ding der delsette litten.

Doe't de kontener fol wie, hat boer Grypstra de gemeente frege him op te heljen. Dat is noch hieltyd net bard. Ek is gjin tastimming kaam om de stront oer it lân te bringen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)