Kâns op ynfeksje sikehûs lyts

13 aug 2001 - 00:00

De kâns in ynfeksje op te rinnen yn in Frysk sikehûs is mar lyts. Ofrûne wykein wie yn it nijs dat yn guon sikehuzen de kâns op ynfeksje om de 20 prosint leit.

Yn Fryske sikehuzen binne sokke sifers eins net mooglik, om't dy allegear in registraasjesysteem brûke. Op it stuit dat der mear ynfeksjes as trochstrings foarkomme, gripe de sikehuzen yn Fryslân fuortdalik yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)