Opskuor yn Noardwâlde

13 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Opskuor sneintenacht yn de Pitrietstrjitte yn Noardwâlde. Fjouwer manlju trapen de doar fan in wenning yn en giene yn 'e hûs. De 39-jierrige bewenner hearde dat en naaide út.

De manlju fernielden in part fan de wente en bedrigen de freondinne fan de man. Se naaiden wer út doe't se seagen dat de bewenner der net wie. It is net dúdlik wêrom't se de bewenner sochten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)