Mislearre oerfal yn Ljouwert

13 aug 2001 - 00:00

In ûnbekende man hat snein besocht in hoarekagelegenheid oan de Skrâns yn Ljouwert te oerfallen. Hy bedrige in meiwurkster mei in mes en easke dat se de kassa iepen die. Sy warskôge de kok, mar de oerfaller naaide út sûnder wat mei te nimmen.

De kok gie achter de man oan, mar waard ek bedrige mei it mes. Hy moast de oerfaller rinne litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)