Ferwûne troch fal fan heftruck

13 aug 2001 - 00:00

In 14-jierrich famke út Haule is sneon ferwûne rekke by in ûngemak yn har wenplak. In 23-jierrige Grinzer ried mei in heftruck efterút in skuorre yn.

It famke sprong efterop de truck en kaam fêst te sitten tusken it dak en de heftruck. Doe't de Grinzer wer nei foaren ried, foel it famke op 'e grûn. Se rekke ferwûne oan rêch, búk en boarst en is oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)