Himpkwekerij oprôle

12 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneon yn de Ljouwerter Sacramentsstrjitte in himpkwekerij oprôle. De brânwacht hie in melding krigen fan in sterke brânlucht. Doe't de brânwacht it pân yngie bliek der in himpkwekerij te wêzen.

De plysje hat twahûndert planten en materiaal yn beslach nommen. Der wiene gjin arrestaasjes. De plysje ûndersiket de saak fierder.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)