Gelykspul foar Heerenveen
SC_Heerenveen hat sneon syn lêste oefenwedstriid mei 1-1 gelyk spile tsjin Real_Zaragoza, ferline jier de Spaanske nûmer 13. It wie in ´pittige´ wedstriid.
De Spanjaarden kamen al nei tsien minuten op foarsprong troch in eigen goal fan Hansma. Fjouwer minuten foar tiid sette Allbäck mei in hakje Talan frij foar de goal. Dy bepaalde de einstân op 1-1.