Jacob Huisman op 'e nij kampioen

11 aug 2001 - 00:00

Jacob Huisman hat it kampioenskip by it IFKS-skûtsjesilen prolongearre. Yn 'e lêste wedstriid, sneon op 'e Iselmar by De Lemmer, waard er twadde en dat wie genôch om kampioen te wurden.

De twadde wedstriid by De Lemmer waard krekt as freed wûn troch Eelke Dykstra. Dy einige dêrmei yn it einklassemint as twadde. Jentsje Schraa waard sneon tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)