Abe Bonnema ferstoarn
Tongersdei is nei in koarte sykte de ferneamde arsjitekt Abe Bonnema út Hurdegaryp ferstoarn. Bonnema wie 74 jier.
Bonnema hat grutte gebouwen ûntwurpen, lykas dat fan de Nationale Nederlanden yn Rotterdam en de Achmea-toer yn Ljouwert. Ek 500 oare grutte en lytsere bouwurken hat er betocht. Hy hearde ta de 10 bêste arsjitekten fan Nederlân.