Rôf skûtsje giet net troch
Tsien jongelju út Jirnsum ha tongersdeitenacht besocht it skûtsjemonumint fan Grou te stellen. It gie om in ludike stunt. Sy wiene net fan doel it brûnzen skûtsje te skansearjen.
It is no merke yn Jirnsum en de jongerein siket dan wol faker wat om it doarp op te fleurjen. Foarbygongers seagen de mannen lykwols yn aksje en dy skeakelen de plysje yn.