Senarioteam komt yn aksje
It senarioteam helpferliening Zeeheldenbuurt sil moandei foar 't earst om 'e tafel mei de âlden fan de slachtoffers yn de Ljouwerter sedesaak.
It helpferlieningsteam is direkt ynsteld doe't de plysje mei it nijs fan de sedesaak nei bûten kaam, mar hie oant no ta gjin aksje ûndernaam. Letter yn 'e wike wol it team noch in ynformaasjegearkomste belizze.