Tegeltsjebrêge fernield
De alvestêdetegeltsjebrêge is troch ûnbekenden fernield. Fyftjin tegeltsjes binne stikken makke. It giet benammen om de blauwe tegeltsjes dy't op de boppekant fan de brêge sitte. Mar ek trije foto's fan alvestêderiders binne fernield.
De tegeltsjes kinne maklik ferfongen wurde, dat de skea is net ûnherstelber. Tytsjerksteradiel wol maatregels.