Fiif jier sel yn HIV-saak

© Omrop Fryslân
It gerjochtshôf hat in Ljouwerter (40) ta fiif jier feroardiele yn 'e Tsjûkemarsaak. De man hat in jonge ferkrêfte, wylst er wist dat er sels mei HIV besmet wie. It firus kin AIDS feroarsaakje .
De straf is gelyk oan 'e eask. De Ljouwerter kaam yn kontakt mei de jonge fia de homobabbelboks fan in man út Wieringen. De oare jonges dy't de NoardHollanner oanbea, binne net besmet.