Wachttiid foar keamers oprûn

© Omrop Fryslân
De wachttiden foar in keamer binne yn Ljouwert aardich oprûn. Studinten stean no njoggen oant alve moanne op 'e list, wylst dat ferline jier noch heechút twa moanne wie.
Wenningbouferiening BWL hat in protte flats sloopt. Boppedat is it foar partikulieren minder oanloklik keamers te ferhieren. BWL is no dwaande mei it oankeapjen fan wenten foar de ferhier.