Gjin ferrassings by Freule

08 aug 2001 - 00:00

De winst fan Wommels op de Freule wie fertsjinne. Oer de hiele dei sjoen keatste it partoer goed en joech mar in pear earsten fuort.

Der wiene net in soad ferrassings op de Freule. Yn de heale finales stiene neist de lettere finalisten ek kânshawwers Broeksterwâld en Frjentsjer. Yn de 3e omloop wie der wol spektakel. Wytmarsum kaam doe werom fan in 5-1 efterstân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)