Foppe Venema wint Rely-priis

© Omrop Fryslân
Dit jier wurdt mar ien Rely Jorritsmapriis útrikt. Dy giet nei Foppe Venema foar syn gedicht 'Aldfaars erfrûte'. Venema is berne yn Ousterhaule en wennet sûnt 1993 yn Frankryk. Yn 1998 wûn er de priis ek al ris.
Foar de priisfraach wiene dit jier 50 gedichten en 35 ferhalen ynstoerd. De sjuery fûn lykwols mar ien fers goed genôch foar de ûnderskieding.