KPN lûkt posters werom

© Omrop Fryslân
KPN lûkt de posters mei de Fryske Molukse aksjefierder Leo Reawaruw werom. Op de reklameposters is Reawaruw te sjen as fuotballer. It telekombedriuw woe mei de posters de oandacht lûke foar syn sponsoraktiviteiten.
Tiisdei waard bekend dat Reawaruw ferfolge wurdt fanwege dielnimmen oan in kriminele organisaasje. Hy is oprjochter fan twa militante Molukse organisaasjes.