BBB keatst tsjin PC-winners

© Omrop Fryslân
In bysûndere keatspartij moandeitemoarn yn Weidum. De PC-winners bûnen de striid oan mei Renze Westra, oftewol Beant yn Baas Boppe Baas. It wie foar elk efkes wennen: Pieter van Tuinen, Chris Wassenaar en André Kuipers hiene noch nea aktearre en Westra net keatst.
Wa't benijd is nei de útslach fan 'e wedstriid moat geduld hawwe: de ôflevering wurdt pas ein jannewaris útstjoerd.