Brêge by Baard stremt skipfeart

06 aug 2001 - 00:00

Troch in technyske steuring is de brêge oer de Boalserter Trekfeart by Baard stremd foar de skipfeart. Allinnich boatsjes fan in meter heech kinne der noch ûndertroch.

Nei alle gedachten is in kamrêd stikken. As dat makke wurde moat, duorret de stremming op syn minst twa wiken. As it ûnderdiel besteld wurde kin, binne de problemen mei in pear dagen oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)