Snitser botst op fangrail A7

05 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In ynwenner (48) fan Snits is sneon mei syn auto op de A7 by It Hearrenfean tsjin de fangrail klapt. By it ynheljen seach er in achteropkommende auto oer de holle.

Kjel skuorde er oan it stjoer, rekke yn in slip de fangrail en bedarre yn 'e middenberm. De plysje stelde fêst dat de Snitser te folle dronken hie. Hy krige in riidferbod fan 4 oeren.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)